Staveringshifker
by GridLine
De Staveringshifker yn Office 365 is in helpmiddel foar it ferbetterjen fan Fryske teksten
De Staveringshifker markearret flaters, hollanismen en farianten mei elk in eigen kleur:
- Mei pears wurde gewoane typflaters, ferkeard stavere wurden of wurden dy’t net yn ’e Foarkarswurdlist steane oanjûn.
- Mei grien wurde hollanismen en Nederlânske wurden oanjûn.
- Mei ljochtblau wurde farianten oanjûn (wurdfoarmen dy't net yn ’e Foarkarswurdlist steane mar wol goed Frysk binne). It is oan josels om de suggerearre wurdfoarm út de Foarkarswurdlist te kiezen of om dochs de fariant te brûken.
Foar alle opsjes jildt dat se yn- en útskeakele wurde kinne troch oan de rjochterkant te klikken op de opsjes. It is oan de brûker om kritysk mei de suggestjes om te gean. De hifker kontrolearret net op grammatikale flaters. De staveringshifker makket gebrûk fan de Foarkarswurdlist foar it Frysk. De brûker kin dêrneist ek in eigen wurdlist oanlizze en beheare. Om dy wurdlist aktyf te meitsjen moat in persoanlike koade oanfrege wurde.
Opmerking
Soms jout Office 365 by langere teksten (mear as 3500 wurden) de melding dat de wizigingen net opslein binne. De mei de staveringshifker oanbrochte wizigingen binne dan ek net bewarre. Dat hat te krijen mei technyske beheiningen yn de aktuele Office 365-software.
(Soms geeft Office 365 bij langere teksten (meer dan 3500 woorden) de melding dat de wijzigingen niet opgeslagen zijn. De met de staveringshifker aangebrachte wijzigingen zijn dan ook niet bewaard. Dit heeft te maken met technische beperkingen in de huidige Office 365-software.)
App capabilities
- Can read and make changes to your document
- Can send data over the Internet